Aris slút seizoen ôf mei patat en hamburgers

De basketballers fan Aris hawwe moandei it seizoen offisjeel ôfsletten mei in resepsje. Dêr mochten de spilers foar ien kear patat en hamburgers ite. Troch de nederlaach fan sneon tsjin Zwolle binne de play-offs net mear helber. It is foar it earst sûnt seis jier dat Aris net yn aksje komt yn de play-offs.
De spilers sjogge mei mingde gefoelens werom op it basketbaljier. Oan de iene kant binne se teloarsteld troch it misrinnen fan de play-offs, oan de oare kant binne se grutsk op wat se delset hawwe, nettsjinsteande alle swierrichheden.
Aris gie it seizoen yn mei in hiel jong team. Coach Michael Schuurs koe fan febrewaris ôf it wurk net mear dwaan yn ferbân mei wurgens. Klaas Stoppels, coach fan it talinteteam fan Aris, hat it seizoen ôfmakke as coach.