Plysje rêdt einepykje út strjitputsje yn Drachten

18 apr 2016 - 21:36

De plysje yn Drachten hat moandeitejûn in einepykje rêden út in strjitputsje oan de Nachtegaalstrjitte. Omstanners hearden it bistje piipjen en bellen de brânwacht. Plysjes dy't yn de buert wiene en de melding hearden, giene fuortendaliks nei it putsje ta en makken it iepen. Nei't se it einepykje derút helle hiene, brochten se it bistje wer by de memme-ein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)