Kulinêr útwikselingsprogramma mei KH San Sebastian

De Fryske kok Liudger van der Meer giet oan it wurk yn Spaansk Baskelân. Van der Meer is yn it deistich libben kok yn it Ljouwerter restaurant Wannee. Yn de stêd San Sebastian sil er in wike lang itensiede mei Baskyske koks. Hy sil dêr Fryske en Baskyske produkten en resepten útwikselje.
De útwikseling is in projekt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 en fan San Sebastian. Dat is no de kulturele haadstêd fan Europa. De earste wike fan juny is Van der Meer oan it wurk yn Baskelân.