Ekstra dioksinemjittings by de REC yn Harns

Omrin, ôffaloven, Harns © Omrop Fryslân, Aise van Beets
De provinsje lit ekstra mjittings nei dioksine dwaan by it werstarten fan de REC yn Harns. Dat is nei alle gedachten kommende woansdei. De ôffaloven leit sûnt 1 april stil fanwegen ûnderhâld. Dêrneist wurde der ferbetterings oan de REC trochfierd. De opstartproseduere feroaret ek. Sa wurdt de oven net fia de omstriden bypass, mar fia it doekefilter opstart.
De REC wurdt by it opnij opstarten dan skjinblaasd. Dêrby wurdt it doekefilter, dy't stoffen filteret, oant no ta net brûkt. Neffens saakkundigen soe dat skealik wêze. De provinsje lit ekstra mjittings dwaan om de effekten te kontrolearjen.