Wurk fan amateurkeunstners wurdt feild foar goed doel

© Omrop Fryslân, Berber Hania
Hast hûndert keunstwurken wurde moandetejûn feild yn de Westertsjerke yn Ljouwert. It is in inisjatyf fan Kiwanis, in organisaasje dy't op ferskate wizen jild ynsammelet om bern dy't it dreech hawwe te stypjen. De opbringst fan de feiling giet nei de stichting Leergeld. Sy soargje dat bern fan âlden dy't it finansjeel wat minder hawwe op skoalle neat misse, lykas skoalreiskes.
It wurk dat feild wurdt is makke troch Fryske amateurkeunstners. De feiling begjint om healwei achten.