KNVB fynt krityk fan WTOC ûnterjochte

Fuotbalbûn KNVB kin him net fine yn de krityk fan WTOC út Aldwâld. Dy klup fynt dat de KNVB harren net genôch stipe hat, nei it ynsidint mei spiler Sybren Bosma. Bosma is hendikept, hy mist in earm. In oanfaller fan tsjinstanner Leovardia makke dêr ferline wike in kwetsende opmerking oer, wêrnei't WTOC net fierder spylje woe. De wedstriid is it ôfrûne wykein útspile. Opfallend wie dat Leovardia dêryn mei respektbannen spile. WTOC wegere dat. It wie in statement rjochting de KNVB, seit de lieding út Aldwâld.
"Laat vooropstaan dat wij dit soort opmerkingen niet tolereren. Dit hoort niet in het voetbal thuis. Wij hebben de afgelopen week veelvuldig contact gehad met de club én de familie van Sybren Bosma", lit KNVB-wurdfierder Koen Adriaanse yn in reaksje witte. It fuotbalbûn ûndernimt gjin stappen tsjin de spiler fan Leovardia, ta ûnfrede fan WTOC. "De scheidsrechter heeft de kwetsende opmerking zelf niet gehoord. Daardoor ontbreekt voor ons het bewijs om stappen te kunnen ondernemen", leit Adriaanse út. Leovardia sels hat de spiler wol skorst.
''Geen legitieme reden''
Fierder is WTOC net te sprekken oer it feit dat de klup út Aldwâld sels wol op de fingers tikke is troch de KNVB. De tuchtkommisje is nammentlik fan miening dat de wedstriid nei it ynsidint útspile wurde moatten hie. Adriaanse: "WTOC eiste dat de speler van Leovardia gewisseld zou worden. Toen dat niet gebeurde, weigerden ze verder te spelen. Maar een eis dat een speler wordt gewisseld is geen legitieme reden om van het veld te stappen."
WTOC hat fan de KNVB ûnder betingst in boete krigen fan hûndert euro, om't de ploech fan it fjild ôfstapte.