Kollum: ''I will ask the cock''

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.
''Nei’t fuotballeginde Johan Cruijff fjouwer wike lyn ferstoar, sieten taalleafhawwers massaal mei de hannen yn it hier. Hoe soe it no komme mei de taalferriking hjir yn Nederlân? Johan stie bekend as ‘balkunstenaar’, mar ek as ‘taalkunstenaar’. Hy koe like goed gûchelje mei wurden as mei de bal. Nei it ferstjerren fan Johan foel der in gat. Mar dat is yntusken opfolle troch krekt sa’n legindaryske taalgûcheler as de goadesoan út Betondorp. Ik ha it oer Louis. Louis van Gaal.
Ofrûne wike mocht de wrâld wer in geniale Ingelske útspraak fan Louis byskriuwe yn de boeken. Doe’t Van Gaal frege waard nei de prestaasje fan Christiano Ronaldo yn fergeliking mei oare spilers, naam er in slok wetter en produsearre doe de folgjende sin. ‘Well, you can’t compare apples with pears.’ In prachtige oersetting fan de Nederlânske siswize ‘Je kunt geen appels met peren vergelijken.’ Mar lit it yn Ingelân eins ‘apples with oranges’ wêze. Ach, sinesappels of parren. Wat kin it skele? ‘You must not lay salt on every slak’, fûn Louis.
In ynterview mei Van Gaal yn it Ingelsk is in garânsje foar op syn minst fiif minuten slapstick. Mar sis no ris earlik: is it ús allegearre net ris oerkaam? Dat wy in the heath of the moment by fersin tsjin in Van Gaaltsje oanrinne? Sa laitsje wy yn Aldegea noch altyd om it Van Gaaltsje fan in freondinne dy't yn de hoareka wurket. Ingelske gasten fregen har om de menukaart oer te setten. In hiele put, mar se helle sûnder flaters hast de einstreek. En doe kaam Louis om 'e hoeke sjen.
Nei it foarlêzen fan it alderlêste neigesetsjes frege de Ingelske gast oft der drank siet yn ien fan de kofjespesjaliteiten. Hmmm, drege fraach. "I don't know”, sei se, “but I will ask the cock." It Ingelske stel lei yntusken al ûnder de tafel fan it laitsjen, doe't se pas yn de keuken har dochs wat 'lullige' oersetting fan it wurd kok ûntdiek.
En sa wurket it mei Louis krekt sa. Dy kreëarret op deselde wize fantastyske taalfûnsten. Sa waard ‘een waarheid als een koe’ hiel simpel ‘a truth like a cow.’ Efter de feiten oanrinne waard troch Louis ferbastere ta ‘running after the facts.’ En ‘dat is heel andere koek’ koe net oars wurde as “that’s a hole other cook". Oersettingen dy’t hjir by ús foar grutte hilariteit soargje.
Soest it miskien net sizze ast ‘m sjochst, mar Van Gaal skynt in hiel goed gefoel foar humor te hawwen. Dus, ik sjoch him der ek noch wol foar oan dat er it toanielstikje sublym meispilet. Dat er jûns op bêd leit en tegearre mei syn frou gnizend ûnder de tekkens dizze siswizen yn it foar alfêst betinkt. Dat sy seit: "Miskien kinst noch wat mei a donkey runs in het algemeen..." En dat hy dan oanfollet: "Not twice on the same steen."
Eins bin ik der fan oertsjûge dat it in perfekt ynstudearre stikje topkabaret is, wat Louis ús alle wiken wer sjen lit. Mei Truus van Gaal as regisseur efter yn de seal. En hiel earlik: dat soene mear fuotbalcoaches dwaan moatte. De ynterviews wurde der sa in stik aardiger op.
Ik stel dêrom foar dat we per direkt hjir yn Nederlân ek alle foar- en neibeskôgingen yn it Ingelsk dogge. Ik sjoch it al hielendal foar my. Us eigen Fryske fuotballeginde Foppe, dy't op de fraach oft er takom jier yndied bûnscoach wurdt fan de beachfollybalfroulju fan Bonaire, yn it Ingelsk mompeljend antwurdet: "It looks me hartstikkene fine.” En dan hiel earlik opbycht: “But first I have to aks the cock. Geke the Cock."
Noflike moandei!''