Trije Ljouwerters ride te hurd oer N31: rydbewizen kwyt

18 apr 2016 - 06:23

Trije Ljouwerters koenen sneintejûn harren rydbewiis ynleverje neidat se fierstente hurd oer de N31 rieden. De manlju fan 29, 34 en 39 jier raasden mei 156 kilometer yn de oere oer de dyk, wylst dêr mar 100 tastien is.

De plysje hat fan alle trije bestjoerders it rydbewiis ynnaam.

Trefwurden: 
Ljouwert rydbewiis N31
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)