Gevelplaten fêstset, Lange Merkstrjitte moandei wer frijjûn

17 apr 2016 - 22:26

De Lange Merkstrjitte yn it sintrum fan Ljouwert wurdt moandeitemoarn wer frijjûn foar it ferkear. Dat hat de gemeente sneintejûn bekend makke.

De strjitte wie sûnt in skoft ôfset, omdat gevelplaten fan de Avérotoer ôf falle koene. De platen oan de bûtenkant fan de toer binne no allegearre wer fêstset. De wei-ôfsetting wurdt moandeitemoarn om 6 oere opheft. Nei it briedseizoen fan de falk, dy't dêr sit, giet it wurk oan de oare gevelplaten ek wer fierder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)