Man út Drachten sûnt sneon fermist

17 apr 2016 - 21:32

De 30-jierrige Michel Dijkstra út Drachten wurdt sûnt sneon fermist. Hy is doe fan hûs fuortgien en sûnt dy tiid is der neat mear fan him heard. Dijkstra is 1.95 meter lang, hat in normaal postuer en in swarte bril op. By syn fermissing hie er in blauwe spikerbroek, in blauwe fleecetrui en in jas mei blokjes oan.

Minsken dy't witte wêr't de fermiste Michel Dijkstra is, kinne kontakt opnimme mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)