Relatieplanet hâldt kuiertocht foar frijgesellen yn bosk

Datingssite Relatieplanet organisearre snein yn it Drents-Friese Wold by Terwisscha in kuiertocht foar frijgesellen. It is de earste kear dat se mei Steatsboskbehear soks regelje. Mei mear as fjirtich dielnimmers siet it snein hielendal fol. De kuiertocht wie bedoeld foar minsken fan fyftich jier en âlder.
De datingssite organisearret de lêste tiid faker aktiviteiten. Frijgesellen hawwe hieltyd mear ferlet elkoar te moetsjen by groepsaktiviteiten, om't dat leechdrompelich is.