Opsterlanders stelt fragen oer Tûmba, COC en mear

17 apr 2016 - 17:52

De partij Opsterlanders stelt fragen oan b. en w. fan Opsterlân oer in fiiftal maatskiplike organisaasjes. Dy ferlieze de provinsjale subsydzje en moatte foar jild tenei oanklopje by de gemeente. It giet om anty-diskriminaasje-organisaasje Tûmba, it COC foar homorjochten, it FSU foar minsken mei in útkearing, HOOR foar dôven en Soarchbelang foar pasjintebelangen.

De organisaasjes krije noch ien kear in grutter bedrach fan de provinsje en dan is it foarby. De gemeenten moatte it dan oernimme.

Provinsjebrede taak?
Opsterlanders wol fan boargemaster en wethâlder fan Opsterlân witte oft sy fine dat de organisaasjes net in provinsjebrede taak hawwe. Dan is it dochs gjin taak fan de gemeente, mar fan de provinsje.

Wurk kin faai stean
Fierders wol de partij witte wat b. en w. derfan fine dat de provinsje de subsyzjeferliening op de skouders fan de gemeenten delleit, sûnder dat it rûnom wurdearre wurk fan de organisaasjes garandearre wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)