Cambuur lit punten lizze tsjin NEC

SC Cambuur koe snein net winne fan NEC. De ploech fan trainer Marcel Keijzer ferlear yn Nijmegen krekt mei 2-1. Yn stadion De Goffert wienen beide ploegen oanelkoar weage yn de earste helte. De grutste kânsen wienen der foar Limbombe fan NEC en foar Jergé Hoefdraad. De oanfaller fan de Ljouwerters hie Cambuur op foarsprong sette kinnen nei in foarset fan Sander van de Streek, mar it skot wie fiersten te sêft.
Oan de oare kant waard op 'e doelline de ynset fan Limbombe noch krekt fuorthelle troch ferdigener Martijn van der Laan.
Gjin skoare
Yn de twadde helte kaam Cambuur op efterstân. Navarone Foor tikke yn de 54e minút de 1-0 binnen. Ut in hoekskop kamen de Ljouwerters noch tichteby de lykmakker, mar ynfaller Kevin van Veen en Hoefdraad koenen net skoare. Oan de oare kant drukte NEC Cambuur noch wat djipper yn de soargen. Mihai Roman skeat út de draai yn de 69e minút de 2-0 binnen. Yn in spannende slotfaze die Jergé Hoefdraad in kertier foar de ein noch wat werom, mar in lykmakker siet der net mear yn foar Cambuur.
17 punten út 31 wedstriden
Konkurrint foar liifsbehâld yn de earedifyzje, De Graafschap, pakte freedtejûn tsjin FC Twente in punt en rûn dêrtroch út op Cambuur. De Ljouwerters hawwe no 17 punten út 31 wedstriden.
Willem II
Kommende tongersdei komt SC Cambuur wer yn aksje, yn eigen stadion is Willem II dan de tsjinstanner. Dêrnei folgje noch wedstriden tsjin PSV (út) en Excelsior (thús).