Tresoar: trije generaasjes oer Holwert doe en no

17 apr 2016 - 15:50

Frysk histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert begjint yn maaie mei in byld fan it doarp Holwert sjoen troch de eagen fan trije generaasjes. Oanlieding is Holwert oan See, it ambisjeuze plan om it seewetter trochrinne te litten nei it doarp.

It doarpsbyld bestiet út ferhalen fan bewenners en foto's. Oan it wurd komme famyljes dy't al generaasjes lang yn Holwert wenje. De âldste generaasje sjocht werom, de middelste nei de situaasje fan no en de jongste sjocht nei de takomst. Yn septimber moat it doarpsbyld klear wêze.

De leden fan de wurkgroep Holwert oan See komme ek oan it wurd oer harren dreamen. It doarpsbyld mei ynterviews en foto's hjit Krimp as kâns, omdat Holwert yn in gebiet leit dêr de befolking ôfnimt. Holwert oan See wol mei de plannen it doarp wer oanlokliker meitsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)