Marit Bouwmeester oan de lieding op WK Laser Radial

17 apr 2016 - 11:39
Marit Bouwmeester - Foto: Richard Langdon

Marit Bouwmeester stiet nei de tredde dei fan it wrâldkampioenskip Laser Radial boppe-oan yn it klassemint. De sylster út Warten waard sneon twa kear earste en ien kear tredde foar de kust fan Meksiko. Se hat no 7 punten. De Amerikaanske froulju Paige Railey en Erika Reineke stean op nûmer twa en trije mei 12 en 18 punten.

It WK duorret noch oant en mei woansdei 20 april.

(advertinsje)
(advertinsje)