Twa boeten útdield by grutte kontrôle sportfiskers

17 apr 2016 - 10:45

By in grutte provinsjale kontrôle fan sportfiskers binne sneon twa boeten útdield. Ien fan de fiskers hie net in fiskpas en in oare fiske mei keunstaas. De provinsjale kontrôle wie opsetten troch Sportvisserij Fryslân en de plysje. Sy wiene aktyf mei fjouwer boaten en fiif ûnopfallende auto's.

Meielkoar waarden der 65 sportfiskers kontrolearre. Njonken de twa boeten waarden ek warskôgingen útdield. Sa waard yn Weststellingwerf in bûtenlânske fisker weromstjoerd út in natuergebiet dêr't er fiskje soe of foto's meitsje soe.

Sportfiskerij Fryslân wol de kommende tiid faker kontrôles hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)