Auto oer de kop en yn de sleat by Idaerd
Op de A32 by Idaerd is sneontenacht in auto oer de kop flein en yn de sleat bedarre. Oare autobestjoerders seagen wat der gebeurd wie en hawwe de bestjoerder út syn auto holpen. Ambulânsepersoniel hat de man holpen oan syn ferwûningen.
In bergingsbedriuw hat de auto út de sleat lutsen en fuortsleept.