Darter Danny Noppert wint German Open

Danny Noppert © Omrop Fryslân, Mats Gies
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneontejûn yn it Dútske Bochem it German Open op syn namme skreaun. Yn de finale wûn Noppert mei 6-4 fan Darius Labanauskas út Letlân. In partij earder waard der al ôfrekkene mei mearfaldich wrâldkampioen Martin Adams.
It is foar Noppert syn tredde ynternasjonale titel yn noch gjin trije moanne tiid. Troch de oerwinning fan de Jouster is de Lakeside 2017 yn it Ingelske Frimley Green yn prinsipe wis.