Nederlânske turners mei team nei Olympyske Spelen

17 apr 2016 - 07:42

Foar it earst yn de skiednis hawwe de Nederlânske turnmanlju harren as team pleatst foar de Olympyske Spelen. De seis turners, mei dêrby Epke Zonderland fan De Lemmer en Michel Bletterman út Ljouwert, waarden tredde op it olympysk kwalifikaasjetoernoai yn Rio de Janeiro. De bêste fjouwer lannen pleatsten har.

De Nederlânske ploech wie mei acht lannen yn kompetysje om de lêste fjouwer teamtickets. Oranje kaam út op in skoare fan 347,444 en einige dêrmei as tredde. De ploegen fan Dútslân (350,609), Oekraïne (350,160) en Frankryk (346,583) meie ek meidwaan oan de Olympyske Spelen. De bêste acht lannen fan it wrâldkampioenskip fan foarich jier wiene al wis fan dielname.

Grutsk

Epke Zonderland is grutsk op de prestaasje fan de turnploech. "Ik ben supertrots dat ik deel uitmaak van dit team", sa seit de Olympysk kampioen rekstôk fan 2012. Syn dielname oan dit kwalifikaasjetoernoai wie lang ûnwis. Hy moast ôfrûne winter ferskate kearen holpen wurde oan ûntstutsen byholten. "Het was kort dag en ik ben nog bezig met het herstel. Ik wist dat dit een flinke belasting ging zijn en de vraag was wat ik aankon. Ik hoop dat het een goede keuze is geweest, maar nu is er alleen de vreugde om dit resultaat."

Zonderland sil de kommende moannen fierder wurkje oan syn herstel, om oer fjouwer moannen yn Rio syn olympyske titel te ferdigenjen. As ûnderdiel fan it tean, in primeur yn it Nederlânske manljusturnjen.

 

A photo posted by Epke Zonderland (@epkez) on

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)