Seizoen foar Aris is foarby nei ferlies tsjin Zwolle

16 apr 2016 - 21:53

It seizoen fan de basketballers fan Aris is foarby. Sneontejûn ferlearen se de útwedstriid tsjin koprinner Zwolle mei 86-77. De wedstriid duorre foar de Ljouwerter in kwart te lang. By rêst stiene se noch mei 42-36 foar. De foarsprong waard yn it tredde kwart hieltyd lytser, oan de ein dêrfan stie Aris mei ien puntsje achter.

Yn it fjirde kwart wie de piip by de Ljouwerters dúdlik leech en rûn Zwolle frij maklik út nei de einstân. Aris hie winne moatten foar in plakje by de earste seis dat rjocht jout op meidwaan oan de play-offs.

It skeelde by Aris in slok op in buorrel dat twa belangrike spilers, Josiah Heath en Leroy Peterson fanwege in blessuere net meidwaan koene, dêrtroch waard de basis wol hiel smel.

Trefwurden: 
basketbal Aris Zwolle
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)