Offisjele iepening fan de itensbank op It Hearrenfean

16 apr 2016 - 17:37

Op It Hearrenfean is sneontemiddei it nije ûnderkommen fan de itensbank iepene. De itensbank op It Hearrenfean is al in skoft yn bedriuw. Sawat 230 adressen meitsje der gebrûk fan.

It âlde ûnderkommen wie oan de Sieger van der Laanstrjitte, mar dêr wie eins temin romte. It nije gebou sit oan de Skâns. Earder wie dêr in motorsaak yn ûnderbrocht. It gebou is mei help fan in protte frijwilligers geskikt makke foar de nije funksje.

Trefwurden: 
itensbank It Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)