WTOC spilet sûnder 'respektbannen' tsjin Leovarida

Fuotbalklup WTOC fan Aldwâld hat sneontemiddei wegere om de wedstriid tsjin Leovardia te spyljen mei respektbannen. De klup die dat as sinjaal yn de rjochting fan de KNVB. De lieding fynt dat de KNVB nei it ynsidint mei spiler Sybren Bosma temin stipe jûn hat. Bosma mist in earm en in oanfaller fan Leovardia makke dêr ferline wike in kwetsende opmerking oer, wêrnei't WTOC net fierder spylje woe.
De wedstriid is sneon útspile en wûn troch WTOC mei 3-1. De oanfaller, dy't ferline wike de kwetsende opmerking makke hie, wie der sneon net by.