Lintsje foar Klaas Rijpkema fan Rugbyclub De Wrotters

Lintsje © ANP
Klaas Rijpkema fan De Gordyk is sneon beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Rijpkema krige it lintsje foar syn jierrenlange ynset foar Rugbyclub De Wrotters. Hy rjochte de klup 40 jier lyn mei op en hat 38 jier foarsitter west. Mar hy wie sels ek aktyf yn it fjild, regele sponsoaren, traint de jeugd en de froulju, hâldt de boekhâlding by en makket trainingsmateriaal.
De hjoeddeistige foarsitter fan De Wrotters fettet it hiel koart gear: "Klaas is de klup en de klup is Klaas".
Dêrneist organisearrret hy al jierren de Fryslân Cup, in toernoai foar alle Fryske rugbyklups. Mar de rugbyklup fan De Gordyk giet ek alle jierren op besite by in bûtenlânske klup foar in freonskiplike ynternasjonale wedstriid. Sa hawwe se ûnder oar spile yn Sweden, Denemarken, Frankryk en Tsjechië.