Tsjerkhôf fan Wolvegea is ferlost fan de roeken

16 apr 2016 - 16:07

"Als hier een herdenking was kon je de sprekers soms amper horen". Bert van Lubek sketst de sitewaasje sa as dy fjouwer jier lyn wie op it âlde tsjerkhôf yn Wolvegea. Yn de hege beammen om it hôf hinne sieten doe sawat 200 roekenêsten. In koloanje roeken makket in soad leven en skyt alles ûnder. "Bij een begrafenis moesten we soms de route aanpassen omdat mensen anders ondergepoept werden door de roeken".

Van Lubek hat sels in oanpak betocht om de roeken te bestriden, dy oanpak is ek al troch oare gemeenten oernommen.

Roeken binne beskerme bisten

Roeken en de nêsten binne beskerme en ferjeie mei allinnich mei in ûntheffing. Weststelling hie de ôfrûne fjouwer jier in ûntheffing krigen op basis fan it plan fan oanpak dat beliedswurker Groen en Landschap Bert van Lubek makke hie. 

De Lubek-oanpak

Konsekwint ferjeie mei in alaarmpistoal, as dat net slagget de nêsten fuorthelje of ferhúzje en, hiel belangryk, der moat in alternatyf gebiet foar de roeken komme dêr't se wol wêze meie. By it âlde begraafplak yn Wolvegea moasten úteinlik alle nêsten fuorthelle wurde en sadree't der no roeken besykje in nêst te meitsjen wurde se ferjage mei in alaarmpistoal. De roeken binne ferdreaun nei it park njonken it tsjerhôf; park De Nieuwe Aanleg. Ek by Blesdike is in boskje dêr't de roeken sitte meie. Binnen de beboude kom hawwe se yn Weststellingwerf sadwaande gjin oerlêst fan roeken mear. De populaasje is net feroare, se sitte no op plakken dêr't se tastien wurde. Bert van Lubek giet der fanút dat se ynkoarten wer in ûntheffing krije om sa de roeken behearsber te hâlden.

In reportaazje hjiroer dit wykein yn it radioprogramma Buro de Vries

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)