Marit Bouwmeester nei twa WK-dagen op it fiifde plak

Marit yn aksje © Sander van der Borch
Sylster Marit Bouwmeester fan Warten rukt op yn it klassemint fan it WK laser radial. Se wûn freed de iennige wedstryd fan de dei en dêrmei klom se nei it fiifde plak. Nei trije wedstriden stiet se no op 19 punten. It WK yn it Meksikaanske Nuevo Vallarta duorret noch oant en mei woansdei 20 april.
Yn de tredde race stie in matich wyntsje, se wûn yn de race de striid fan regearjend wrâldkampioene Anne Marie Rindom út Denemarken. De fjirde race waard healweis ôfblaasd.