WTOC-Leovardia ôfmakke sûnder problemen

De beladen ynhelwedstriid tusken WTOC en Leovardia is sneontemiddei sûnder problemen ferrûn. Yn Aldwâld waard it 3-1. Allinne de lêste 24 minuten moasten noch spile wurde. Ferline wike waard de wedstriid staakt, nei't in spiler fan Leovardia in ferfelende opmerking makke tsjin in spiler fan WTOC.
De WTOC'er is in jonge mei in hendikep, hy hat mar ien hân. "Sil ik dyn oare hân der ek ôfhelje?" soe de tsjinstanner sein ha. WTOC woe net fierder spylje salang't de spiler dy't dat rôp noch op it fjild stie. Syn coach woe him net wikselje.