Learlingen Wolvegea meitsje simulaasje fan ISS Space Station

In lytse fyftich Technasium learlingen fan it Linde College yn Wolvegea hawwe in simulaasje makke fan it ISS Space station. Yn it Space Station, in grutte seekontener op it plein, ferbliuwe fjouwer learlingen 24 oeren om sa in real-life situaasje nei te boatsen.
Sy moasten ûnder oaren kontakt hâlde mei it 'Mission Controlcentre' dat yn in klasselokaal boud is. Dêrneist fiere de astronauten proefkes út oer saken dy't te krijen hawwe mei de fakken skiekunde en biology, lykas lykwicht en swiertekrêft.
De opdracht kaam fan it NSO, het Netherlands Space Office.