De Graafschap rint punt út op Cambuur

15 apr 2016 - 21:56

De Graafschap rûn freedtejûn in punt fierder út op SC Cambuur. De ploech út Doetinchem spile thús gelyk tsjin FC Twente. De Graafschap kaam yn de earste helte noch wol op achterstân, troch in goal fan Jerson Cabral fan Twente.

Yn de twadde helte kaam de ploech út Doetinchem boppedat mei tsien man te stean, nei in reade kaart foar linksback Jeroen Tesselaar. Mar De Graafschap smiet alles op de oanfal en mei resultaat: fjouwer minuten foar de ein skoarde de ploech de lykmakker. En dus hat De Graafschap no twa punten foarsprong op Cambuur.

De Ljouwerters moatte dus fol oan de bak, snein út tsjin NEC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)