Harrekyt krijt wurkstraf foar fersprieden berneporno

15 apr 2016 - 21:46

In 37-jierrige man fan De Harkema hat foar it sammeljen, it downloaden en it fersprieden fan berneporno in jier selstraf ûnder betingst krigen en in wurkstraf fan 240 oeren. Tsjin de man wie fyftjin moannen sel easke, wêrfan fiif moannen ûnder betingst.

De Harkemaster sammele de berneporno yn de perioade fan healwei 2014 oant begjin 2015. De plysje kaam de man yn novimber 2014 op it spoar nei in melding út Amearika fia Microsoft. Op de sitting sei de man dat hy spyt hie. Hy moat fan de rjochter ferplicht in behanneltrajekt folgje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)