Omrin hat mjitgegevens net oerlange oan Abel Arkenbout

Omrin hat de temperatuergegevens fan de ôffaloven yn Harns net oan toksikolooch Abel Arkenbout jûn, wylst se dat wol tasein hawwe, aldus Arkenbout. As ôffal op in te lege temperatuer ferbaarnd wurdt, dan kin der dioksine frijkomme.
Arkenbout freget al skoften om de temperatuergegevens. Hy seit dat de gegevens fan belang binne foar it betinken fan fierdere ferbetterings fan de ôffaloven.
Oven feiliger makke
Op it stuit leit de ôffaloven stil foar ûnderhâld en de earste ferbetterings om de oven feiliger te meitsjen. In wurkgroep mei hjiryn ûnder oaren de provinsje, gemeente Harns, Omrin en ek toksikolooch Arkenbout prate kommende tiid fierder oer mear ferbetterings.
Reaksje Omrin
John Vernooij, direkteur fan Omrin, seit dat Arkenbout noch hieltyd de temperatuergegevens ynsjen en sa nedich meinimme mei. Hy seit net te witten wêrom't Arkenbout de gegevens noch net krigen hat, om't hy net by de ôfspraak wie dêr't it gebeure moast.