"Fryske gemeenten moatte faasje meitsje mei opfanglokaasjes"

15 apr 2016 - 16:44

Alle Fryske gemeenten moatte sa gau mooglik neigean oft besteande gebouwen op koarte termyn te ferbouwen binne ta tydlike opfanglokaasjes foar flechtlingen. Want oars driget der in tekoart oan opfangplakken. Dat seit de rezjytafel, it oerlisorgaan fan oerheden en it COA.

Allinnich as echt alle plannen dy't der no binne trochgeane, hat Fryslân genôch lokaasjes om 7500 flechtlingen op te fangen. Mar dan moat der neat misgean. De rezjytafel trunet der yn in brief oan alle gemeenten op oan om foar genôch opfangplakken te soargjen.

Yn it uterste gefal moatte minsken ûnderbrocht wurde yn paviljoens. Gemeenten moatte dêrom ek neigean oft se grûn beskikber hawwe dêr't sokke paviljoens stean kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)