UPDATE: Lange Marktstraat Ljouwert bliuwt langer ticht

15 apr 2016 - 16:45

In part fan de Lange Marktstraat yn it sintrum fan Ljouwert is noch altyd ôfsletten foar al it ferkear. Gevelplaten kinne fan de Avérotoer ôffalle. Sa'n 30 platen sitte net goed fêst. Eins soe de dyk freedtemiddei wer iepen gean. Mar it wurk oan it gebou is stil lein troch it wiete waar.

De gemeente tinkt dat de dyk sneontemiddei wer brûkt wurde kin. It giet om it stik fan de Lange Marktstraat tusken de rotonde mei de Sophialaan en de rotonde mei de Oude Veemarkt.

Gefaarlike sitewaasjes

De ôfsluting fan de Lange Marktstraat soarget wol foar gefaarlike sitewaasjes. Autobestjoerders meitsje gebrûk fan it busstasjon om sa op de Snekertrekwei of it Stasjonsplein út te kommen.

Mar hjir rinne ek de minsken dy't mei de bus wolle. It is dan ek ferbean om gebrûk te meitsjen fan dizze slûprûte op straffe fan 140 euro boete, warskôget de plysje. 

Briedende falk

It wie al langer bekend dat de befêstiging fan de gevelplaten min wie. By in eardere ynspeksje begjin dit jier wie dat al oan it ljocht kaam. Om't der boppe op de toer in beskerme Noardske falk sit te brieden, mocht der net trochwurke wurde yn ferbân mei de Floara- en Faunawet.

It wie de bedoeling de platen nei it briedseizoen oan te pakken. De oannimmer fynt lykwols dat der in akút gefaar is. Achmea hat dêrom in ûntheffing oanfrege fan de Floara- en Faunawet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)