IM easket selstraffen yn saak XTC-lab Hoarnstersweach

De offisier fan justysje hat fiif jier en twa jier selstraf easke tsjin twa manlju út Zaandam foar XTC-hannel yn Hoarnstersweach. De fertochten fan 48 en 53 jier waarden ein oktober foarich jier oanholden yn in XTC-laboratoarium yn in loads yn Hoarnstersweach. Tsjin de eigener fan de loads is ek twa jier easke.
De manlju wurde derfan fertocht dat se XTC makke ha yn de loads. De grûnstof dy't oantroffen waard, wie nei skatting goed foar de produksje fan sa'n miljoen XTC-pillen. Yn de loads is ek noch in fjoerwapen oantroffen en munysje.
De útspraak is oer twa wiken.