Gjin animo foar dieetprogramma foar hûnen: kursus skrast

Ien fan de hûnen © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De spesjale dieetkursus foar te grouwe hûnen sneon yn Frjentsjer giet net troch, want der binne te min oanmeldings. It minimale oantal dielnimmers om los gean te kinnen is acht, mar der binne mar trije baaskes mei hûnen dy't harren oanmelden hawwe.
Bistedokterpraktyk D.A.P. Noord-West Friesland, dy't it organisearret, hopet dat it letter wol troch gean kin as der mear oanmeldings binne.
Grouwe hûnen
Reden foar de kursus is dat hast de helte fan de hûnen yn Nederlân te grou is. Hjirtroch kinne hûnen lichaamlike klachten krije.
De dieetkursus foar hûnen bestiet út in ôfslankprogramma fan trije moanne. Der wurde aktiviteiten organisearre lykas kuiertochten en weachmominten.