Friesland College stipet oplieding Yndonezyske jongerein

De trije Yndonezyske jongerein dy't it Friesland College stipet © Friesland College
It Friesland College yn Ljouwert stipet fan kommend stúdzjejier ôf de oplieding fan trije Yndonezyske jongeren ta sportlearaar. It giet om in projekt yn Sulawesi dat opset is troch CIOS-studinten. Dy hawwe dit jier staazje rûn yn in tehûs foar kânsearme jongeren. De Yndoneziërs sille sportles jaan op dit ynternaat.
De CIOS-studinten binne op syk gien nei sponsors dy't meibetelje wolle oan de oplieding fan de trije Yndonezyske jongeren. It Friesland College jout 600 euro yn it jier.
CIOS-studinten dy't de kommende jierren foar in staazje nei Sulawesi sille, soargje foar in part fan de begelieding.