Bert Hamelers fan Wetsus wint Zilveren Zandloper

15 apr 2016 - 11:38

Programmadirekteur Bert Hamelers fan it wettertechnologysintrum Wetsus yn Ljouwert hat tongersdei de Zilveren Zandloper krigen fan de Nederlandse Biotechnologische Vereniging. Hy krige de priis útrikt op in konferinsje fan de NBV yn Wageningen. De Zilveren Zandlopers wurde elke twa jier takend oan fernijende biotechnologyske projekten.

Hamelers hat de priis krigen foar syn ûndersyk nei ynnovative biotechnology, ûnder oare nei baktearjes dy't stroom meitsjen. De priis bestiet út 2500 euro en in byldsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)