Dútske frachtweinsjauffeur betinkt oerfal yn Dokkum

15 apr 2016 - 10:04

In Dútske frachtweinsjauffeur dy't woansdei ferklearre dat er oerfallen wie op de Wâlddyk yn Dokkum, hat de oerfal betocht. De 40-jierrige man die in falske oanjefte by de plysje. Hy fertelde dat er woansdeitemoarn yn syn frachtwein lei te sliepen, doe't de oerfaller tsjin him oanried en him bedrige mei in mes.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat dit net kloppet. De sjauffeur hat tiisdei op It Hearrenfean in oanriding mei in auto hân. Hy wie mei syn frachtwein tsjin in peal oanriden. De plysje tinkt dat de man de oerfal betocht hat, om't er bang wie syn baan te ferliezen. Der wurdt proses-ferbaal opmakke tsjin de frachtweinsjauffeur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)