Man tankt sûnder te beteljen, oppakt nei efterfolging

15 apr 2016 - 09:46

Nei in efterfolging troch in tsjûge, koe de plysje tongersdeitejûn in 31-jierrige man út Wolvegea oanhâlde dy't oan de Geert Knolwei op De Jouwer tankt hie sûnder te beteljen. De tsjûge folge de man en hie yntusken de meldkeamer oan de telefoan. Under de efterfolging joech de tsjûge troch wêr't de fertochte ried. De rit gie ûnder oare troch De Jouwer, Skarsterbrêge en Sint-Nyk. Dêrby waard hiel hurd riden en hat de fertochte in tal automobilisten mooglik hast oanriden, seit de plysje.

Uteinlik wisten meardere plysjes de man yn Sint-Nyk oan te hâlden. Hy hie falske kentekenplaten op syn auto. It rydbewiis fan de man is ynnaam. Omdat er mooglik drugs brûkt hie, is der in bloedproef by him ôfnaam. De man sit noch fêst. De plysje makket proses-ferbaal tsjin him op. De plysje wol yn kontakt komme mei de minsken dy't by de efterfolging hast oanriden binne.

Trefwurden: 
plysje De Jouwer kenteken tanke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)