Drege tiid foar Fryske doarpshuzen

Hieltyd mear doarpshuzen hawwe it finansjeel dreech. Ferienings hawwe minder leden en dêrtroch is der by de doarpshuzen minder omset. De hieropbringst giet ek nei ûnderen. Der moat wat barre, oars komt it net goed. Dat seit Minne Hovenga fan Doarpswurk. Hy hold tongersdeitejûn in gearkomste mei sechstich bestjoerders fan doarpshuzen om te hifkjen hoe't it fierder moat.
Besunigje
Neffens Hovinga moatte doarpshuzen goed sjen wêr't se op besunigje kinne. ''In moaie wize is it enerzjysunich meitsjen fan it doarpshûs. Yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren rint op it stuit in projekt wêr't in soad doarpshuzen oan meidogge. Kosten foar enerzjy binne al gau sa'n 15 persint op 'e eksploitaasje.''