Kuiper: "It reedriden hat nea sa yn de nederklits sitten''

15 apr 2016 - 06:27

De KNSB is der mei skuldich oan dat sponsors no ien foar ien fuortrinne by it reedriden. Dat seit Clafis-direkteur Bert Jonker. Dat bedriuw is haadsponsor fan it reedrydteam mei deselde namme. Jonker fynt dat it reedrydbûn KNSB rap mear iepenheid jaan moat oer de finânsjes. "En ze moeten nadenken over de vraag: wat is ons bestaansrecht."

"Ze hebben het natuurlijk moeilijk, ze komen een paar miljoen te kort. Misschien moeten ze wel minder doen. Waarom gaat er begeleiding van de KNSB mee met wedstrijden? De teams hebben zelf al genoeg professionele begeleiders in dienst."

Haadsponsors stopje

Dit jier binne al fjouwer haadsponsors ophâlden. Nei Corendon, Stressless en Continu makke Beslist.nl tongersdei bekend dat se der ek mei stopje wolle. Soarchlik, seit bûnscoach Geert Kuiper. "It jild ferdwynt. Dat betsjut dat der in drege tiid oan komt."

"Twa jier foar de Olympyske Spelen soe it oanlûke moatte, mar sa slim ha ik it yn 20 jier noch net sjoen. Fan it momint ôf dat it kommersjele riden begûn is, hat it noch nea sa yn de nederklits sitten."

''Gouden jierren binne foarby''

De earste kommersjele ploech wie Sanex, op inisjatyf fan reedrider Rintje Ritsma. "We ha noch nea safolle kommersjele ploegen hân as no" seit Ritsma. ''Mar de gouden jierren, dy binne foarby. Doe waarden astronomyske bedragen fertsjinne. Sven Kramer fertsjinnet no goed jild hear, mar de rest hat it dreech. Foar goeie riders is der altyd in plakje. Mar sels Ireen Wüst hie dit jier muoite om in sponsor te finen."

Ekonomyske krisis

Geert Kuiper sjocht dat ek. "Tsien jier lyn, doe wiene der noch echt partijen dy't tsjin elkoar op beaen om de bêste riders te krijen. Guon krigen miskien wol in miljoen. Dat sit der no net mear yn. En dat is net allinne in probleem by it reedriden. Je sjogge it ek by oare sporten. De ekonomyske krisis liket wat sportsponsors oanbelanget noch net oan de ein."

Grutsk

Clafis giet foarearst wol troch as sponsor fan in reedrydploech, seit direkteur Jonker. "Ik wil dat mijn personeel trots is dat wij dit doen. Dat geeft een ontzettend wij-gevoel. Een concurrentievoordeel van hier tot Tokio. Het ziekteverzuim is bijna nul. Dat is voor mij van onschatbare waarde."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)