Aris hâldt kâns op play-offs

14 apr 2016 - 22:48

Aris Ljouwert hat mei 103-89 wûn fan Weert. Troch de oerwinning makket Aris noch hieltyd kâns op dielname oan de play-offs. Dêrtroch wiene se ek ôfhinklik fan in nederlaach fan Rotterdam. Dat barde úteinlik ek, want Rotterdam kaam net fierder as in 58-69 ferlies tsjin Zwolle. It wie de earste kear dit seizoen dat de Ljouwerters in skoare fan boppe de 100 punten hellen.

Sneon sil de ploech fan ynterim-coach Klaas Stoppels op besite by Zwolle. Dan is it derop of derûnder. By winst sil Aris nei de play-offs, by ferlies is it dien.

Trefwurden: 
Aris basketbal play-offs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)