Beleanning fanwege hûn oan de line op Flyân

14 apr 2016 - 16:12

Minsken dy't mei de hûn oan de line troch de Flylanner natuer kuierje, meitsje kâns op in beleanning fan Steatsboskbehear. Boskwachter Herman Vogel kaam it idee tsjin by in kollega-natuerbehearder. Hy hopet dat hûnebesitters dêrtroch elkoar oansprekke op it losrinnen fan de hûn op in plak dêr't dat net mei. De natuerorganisaasje jout oars yn it toeristeseizoen oant tsien kear deis in warskôging foar losrinnende hûnen. Yn it briedseizoen fersteure de hûnen de fûgels.

De hûne-eigeners kinne mei de tegoedbon kofje of tee krije.

Trefwurden: 
hûn Flylân Steatsboskbehear
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)