Meiwurker Omroep Leo op non-aktyf nei seksuele yntimidaasje

14 apr 2016 - 15:41

In meiwurker fan lokale Omroep Leo yn Ljouwert is foar ûnbepaalde tiid op non-aktyf steld. Syn radioprogramma is stopset. De meiwurker hat him skuldich makke oan seksuele yntimidaasje fan in stazjêre. Se is ophâlden mei de staazje by Leo.

De mem fan it famke hat de saak fia Facebook yn de publisiteit brocht. Sy fynt dat Leo de saak net goed oanpakt hat. Direkteur Smits ûntkent dat.

De mem skriuwt op Facebook: "Wat doe je als moeder als je dochter met haar stage in Leeuwarden moet stoppen omdat ze seksueel geïntimideerd word door een medewerker? Dat als je BH-bandje wel eens te zien is, dat dat een vrijbrief is om seksueel getinte opmerkingen te maken en te intimideren? Het door de directeur in de doofpot word gestopt? Dat de directeur de medewerker niet aanpakt (die zit nog steeds op zijn plek). Dat er dan een brief word gestuurd met een heel andere reden waarom ze is gestopt?"

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)