Skiermûntseach nimt trochstreamhuzen yn gebrûk

Skiermûntseach © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De trochstreamwenningen op Skiermûntseach wurde dizze moanne yn gebrûk naam. De gemeente hat seis fan dy hierwenten bouwe litten. Se binne bedoeld foar minsken dy't wol ferhúzje wolle nei it eilân, mar der net samar in hûs keapje wolle. Bygelyks omdat se noch gjin fêst kontrakt hawwe of omdat se earst útfine wolle as it wenjen op in eilân har wol befalt.
Sy kinne maksimaal twa jier wenje yn sa'n trochstreamwenning. Befalt dat, dan kinne se nei in keapwente ferhúzje. Der binne noch in pear trochstreamwenningen beskikber.