Reedrydteam fan Jesper Hospes sit sûnder haadsponsor

14 apr 2016 - 14:07

Sprinter Jesper Hospes fan It Hearrenfean moat sykje nei in nije sponsor. Dat jildt ek foar syn teamgenoaten de bruorren Michel en Ronald Mulder en foar Kai Verbij. Beslist.nl hâldt nei fjouwer jier op mei it sponsorjen fan de reedrydploech fan trainer Gerard van Velde.

Yn 2012 naam beslist.nl de haadsponsoring fan de ploech oer fan AAPM. Yn de fjouwer jier dêrnei groeide it team út ta in topsprintploech. Mei elkoar wûn de ploech acht medaljes op WK's en Olympyske Spelen.

Stressless, Corendon en Continu hâlde ek op as haadsponsor fan in reedrydteam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)