Ponton yn Warten fljocht yn 'e brân troch koartsluting

14 apr 2016 - 12:41

Op in ponton yn Warten hat tongersdeitemoarn brân west. De ponton lei yn it wetter oan de Haadstrjitte yn it doarp. Doe't it fjoer ûntdutsen waard, is der fuortendaliks in graafkraan fan de ponton ôf riden om foar te kommen dat dy ek yn 'e brân fleane soe. It fjoer is nei alle gedachten ûntstien troch koartsluting. De brânwacht hat it fjoer blust.

Trefwurden: 
brân ponton Warten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)