Kollum: "Telefoanboeken: ôfskaffe"

14 apr 2016 - 09:50

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

"Ik wie wat oan it opromjen. Sa no en dan is dat in needsaaklik kwea. As je wat opsykje moatte dat jierren lyn al earne yn in mapke bedarre is, blykt dat dy map stiiffol mei ûnnutte rommel sit, dêr’t je nea wer wat mei wolle of moatte. Je bewarje soks meastal oant de dei dat je der sa mislik fan wurde omdat je dat iene wichtige stik papier hast net fine kinne omdat je earst al dy hûnderten ûnnutte stikken troch moatte foardat je it fûn ha. Pfff.

En dan beslute jo om op te rêden. Dan komme jo de meast prachtige saken tsjin. Wat te tinken fan sluven mei de autofersekeringspapieren fan in jier as tsien tebek. Dat wie fjouwer auto’s werom. En trije bestelbuskes. Dan sjogge je de swarte Ford Mondeo wer foarby kommen. Dyselde wêrfan’t jo tochten dat er de bêste tiid wol hân hie. Dus ruilje jo sa’n ding yn foar in nijere. Oant je in pear jier lyn op reis nei jo fakânsje-adres earne yn Dútslân samar in bekende auto riden sjogge. Flak foardat wy de grins by Emmen oer soenen, fleach er foarby. Potferdikke, wat in moaie auto en hy glom ek noch. Hie dus noch bêst in jier as wat tsjinst dwaan kinnen, want hy ried grif noch altyd in stik better as it reade Japanske gebakje dêr’t wy de reis nei Erfurt yn makken. Klear, dat komme je dus tsjin as je opromje.

Noch wat dat der al leit mar dêr’t je eins in referindum foar hâlde moasten om se ôf te skaffen, binne telefoanboeken. It moat neffens my wol fan de grutste en heechste kategory kolder wêze dat se dy noch altyd meitsje en ferspriede. De measte minsken steane der net mear yn, de jongerein hat neffens my net iens mear in fêst nûmer, mar allinnich in 06. Alle beammen dy’t se omseagje moatte om dy telefoanboeken te meitsjen hienen de wrâld better fan soerstof foarsjen bliuwe kinnen. Google wit mear telefoannûmers op te sommen as alle giele gidsen en boeken by elkoar.

Ek wol aardich om nei al dy jierren tsjin te kommen binne de boutekeningen fan de keuken. Gjin flau idee wêrom’t je soks eins bewarje. Kontrakten fan eardere mobile abonneminten. It nije leit der boppe-op, de âlden smite jo pas fuort as je it stik papier ha moatte dat je al foeterjend ûnderoan dy steapel waardeloas âld papier fine. Nei in kertier wanhopich bledderjen troch alle flauwekul dêr’t je neat mear mei kinne. Tsja.

En dan komme ja samar ek noch wat foute linkse hobbybrut tsjin. In pear ferhalen mei in stik as wat tikflaters der yn. Ferhalen dy’t ik in jier as wat foar it ferskinen fan myn debútroman wolris nei de doarpskrante stjoerde. Under it pseudonym Stikelstekker. Myn eigen webside hjit noch altyd sa. Want net alles dat âld is hoege jo fuort te smiten. En al hielendal net foardat der in leafst bettere ferfanger foar is. Mar soms binne saken gewoan oan in nij ynsjoch ta en moatte de âlde wearden opromme wurde. Telefoanboeken en giele gidsen bygelyks. Ophâlde mei dy flauwekul."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)