UPDATE: Famke (14) út Aldehaske komt om by ûngelok Jirnsum

14 apr 2016 - 09:03

In famke fan 14 jier út Aldehaske is woansdeitejûn om it libben kaam by in slim ûngelok op de Reinerswei by Jirnsum. De 18-jierrige Jirnsumer bestjoerder fan de auto ried oer de dyk nei Jirnsum en ferlear troch noch ûnbekende oarsaak de macht oer it stjoer. De auto botste tsjin in beam en kaam dêrnei in de sleat telâne.

De bestjoerder rekke licht ferwûne. Trije oare ynsittenden rekken swierferwûne en binne nei it sikehûs brocht. It giet om in famke fan 16 út Skearnegoutum en twa jonges fan 16 en 17 jier út Jirnsum.

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de krekte oarsaak fan it ûngelok en is ek op syk nei tsjûgen.

Pleatslik Belang Jirnsum hat ferslein reagearre op it slimme ûngelok. Plysje en de gemeente Ljouwert hawwe nei it ûngelok yn diskoteek de Twa Gemeenten slachtofferhelp oanbean. Dêr wie ek boargemaster Ferd Crone by oanwêzich. Pleatslik Belang Jirnsum wol mei de gemeente sjen nei de feilicheid op de Reinerswei, dêr't it ûngelok barde.

Trefwurden: 
deadlik ûngelok Jirnsum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)