Ynformaasjesintrum Ofslútdyk toant wurksumheden

Op de Ofslútdyk is in tydlik ynformaasjesintrum iepene. Yn it sintrum kinne minsken ynformaasje krije oer it wurk dat de kommende jierren útfierd wurdt op en om de dyk.
De Ofslútdyk giet de kommende jierren op 'e skeppe. Sa wurdt de dyk 'overslagbestendig' makke. Yn it gefal fan in ekstreem swiere stoarm kinne golven dan feilich oer de dyk hinne slaan sûnder it gefaar dat dy trochbrekt. Ek wurde de sluzen ferbettere en komt der folop romte foar de opwekking fan enerzjy. Mei inoar giet it om 28 ferskillende projekten.