"Noorderbreedte belutsen by belangeferfrisseling Alliade"

It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Soarchorganisaasje Noorderbreedte soe ek belutsen wêze by de belangeferfrisseling fan de direkteuren fan Alliade. Dat meldt RTLnieuws woansdeitejûn.
Noorderbreedte krijt opdrachten foar skjinmakwurk fan in Alliade-direkteur en besteget dat dan wer út oan in bedriuw dêr't dyselde Alliade-direkteur de eigener fan is. It soe gean om skjinmakwurk yn in wenmienskip foar minsken mei in ferstanlike beheining yn Grou yn de jierren 2014 en 2015.
Trochjoulûk
Ferskate boarnen melde dat Noorderbreedte as trochjoulûk tsjinne tusken Alliade en it skjinmakbedriuw fan de direkteuren. Op dy manier is dy belangeferfrisseling mooglik oan it sicht fan Alliade ûntlutsen.